Skip to content

 

De priuwerij Frysk Skriuwen is foar elkenien dy’t graach mear witte wol oer de kursus Frysk Skriuwen. Yn dizze twa oeren duorjende workshop litte wy dy sjen hoe’t de kursus Frysk Skriuwen derút sjocht.

De dosint nimt dy mei yn de opset fan de kursus Frysk Skriuwen, lit it lesmateriaal sjen en jout de gelegenheid om fragen te stellen.

Neist de yntroduksje krijst ferskate ynteraktive oefeningen fan de dosint, sadatst in better byld krijst fan it type oefeningen dy’t by de kursus Frysk Skriuwen hearre. Tink dêrby oan oefeningen mei tiidwurden, taaleigen, stavering en skriuwen.

Wy soargje ek foar kofje/tee en wat lekkers foar by de workshop! Der binne gjin kosten ferbûn oan de priuwerij.

Binst nei ôfrin entûsjast?! Der is by de priuwerij in meiwurker fan de Afûk oanwêzich dy’t mear fertelle kin oer de lokaasjes en de kosten fan in kursus Frysk Skriuwen.

Sjogge wy dy 9 desimber?

Meld je dorp of wijk aan en organiseer ook een bloeiweek!

Deelnemende dorpen

De dorpen van Friesland bundelen hun krachten voor een duurzame en vitale toekomst. Klik op de buttons om te ontdekken hoe elk dorp bijdraagt aan Fryslân Bloeit. Samen creëren we een bloeiende toekomst!

Partners

Met dank aan onze waardevolle partners die dit initiatief mogelijk maken. Dankzij hun steun en inzet kunnen we samen werken aan een duurzamer en vitaler Friesland. Ontdek onze partners hieronder!

Back To Top