
Yn de Kroon van Marijn wie juster de priuwerij Frysk skriuwen: in earste, gesellige yndruk fan de kursus ‘Skriuw mar Frysk’ fan de Afûk.
Wat in moaie jûn wie it, mei nije moetingen en nijsgjirrige skriuwopdrachten yn in waarme, iepen sfear.
Healweis de jûn kaam ek boargemaster Johannes Kramer efkes del. Hy wie bliid om te sjen dat Ferwerters harren sa ynsette foar de mienskip en joech ús as doarp in grut komplimint foar dizze bloeiwike fol aktiviteiten. En wat bysûnder om te sjen hoe’t wy mei-inoar ek nije ynwenners wolkom hjitte yn de taal dy’t ús ferbynt!
Bist entûsjast wurden fan de priuwerij en/of wolst ek graach (better) Frysk leare? By foldwaande belangstelling kin der ek yn Ferwert in kursus Frysk ferstean, praten of skriuwen organisearre wurde.
Ynformaasje oer alle kursussen is te finen op kursus.afuk.frl. Of sju op @stichtingafuk.
Sjogge wy jim ek by de oare aktiviteiten dizze wike? Sjoch foar it folsleine programma op ferwert.bloeit.frl. 