Gratis 'proeverij' Fryske taal
De priuwerij Frysk Skriuwen is foar elkenien dy't graach mear witte wol oer de kursus Frysk Skriuwen. Yn dizze twa oeren duorjende workshop litte wy dy sjen hoe't de kursus Frysk Skriuwen derút sjocht.
De dosint nimt dy mei yn de opset fan de kursus Frysk Skriuwen, lit it lesmateriaal sjen en jout de gelegenheid om fragen te stellen.
Neist de yntroduksje krijst ferskate ynteraktive oefeningen fan de dosint, sadatst in better byld krijst fan it type oefeningen dy’t by de kursus Frysk Skriuwen hearre. Tink dêrby oan oefeningen mei tiidwurden, taaleigen, stavering en skriuwen.
Wy soargje ek foar kofje/tee en wat lekkers foar by de workshop! Der binne gjin kosten ferbûn oan de priuwerij.
Binst nei ôfrin entûsjast?! Der is by de priuwerij in meiwurker fan de Afûk oanwêzich dy't mear fertelle kin oer de lokaasjes en de kosten fan in kursus Frysk Skriuwen.
Sjogge wy dy 9 desimber?
Dinsdag 9 december 19:30 Kroon van Marijn

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.
